Quote:
Lyrics:
Oantaast yn ús libben
Wolle frjemden harren god oan ús optwinge
‘Hy’ libbet yn boeken en stien
Mar oer ús wetters, dêr hearsket mar ien
De see sil jaan en de see sil ek nimme
Wyn yn de silen, in nij Fryslân begjinne
Gjin stoarm of weagen kinne ús noch wjerhâlde,
om de Fries yn ús en ús goaden te behâlden
Wêr’t de wyn ús ek bringt wy binne frij
En Njord fart mei ús mei
Jormungandr swimt ûnder ús mei
Oer de rêch fan syn skym farre wy
Thuner syn tongerjen, it klinkt rûnom
en Njord syn stim “foar eare en rom”
Quote:
Lyrics:
Langút oer de flier
Ik tútsje de grûn
Ik fiel wat sêfts, wa hat my hjir fûn?
In tút yn myn nekke, ik krôlje troch dyn hier
Myn ferstân bin ik ferlern, troch al it bier
Wêr sil ik hinne, wêr sil ik gean?
Al dy drank yn myn liif, ik kin net mear stean
Ik rin op 'e taast troch de tsjustere nacht
It is de drank dy't my om de kop slacht
Ik fiel myn hert rap bûnzjen
Dyn waarmte troch myn klean
Ik wol dyn lippen tútsje, besykje te stean
Myn hannen om dyn nekke, fiel ik dyn wiete tút
It twirjen fan dyn tonge, myn ljocht giet út
Wat hear ik no?
It is in nuver lûd
Hat immen hjir pine?
It is in bist yn noed
En dêr leit ús Beitske
Ferdomd ik bin yn de stâl
Sy laket my ta mei har grutte eagen
Tankewol alkohol
Quote:
Lyrics:
As it libben wer ûntspringt oan de kâlde, deade grûn
As de fûgels harren wjukken wer slagge yn it rûn
As de reinbôge ferskynt en de hazze springt troch de bosk
Dan is Eastre dêr en sy bringt ús har ljocht
Nei't de folle moanne ferskynt, lôget it maaitiidsfjoer
De minskeman sil dûnsje, hiel Midgard is oerstjoer
Us ikkers sille folstean, mei koarten kleurje hja grien
Us bisten wurde drachtich, in seine foar eltsenien
Eastre bring ús ljocht
Eastre bring ús libben
Foar dy it maaitiidsfjoer
Ferskyn hjir yn ús midden