Drachten wie yn de jierren '70 yn de foarige ieu it plak dat ferskriklik útwreide. It gemeentebestjoer woe leafst sa gau mooglik nei de 50.000 ynwenners ta, dat joech ek oan de rykskant wat mear finansjele romte. Koe dat yn Drachten, wie de romte der, wiene de mooglikheden der, wie it wurk der, en hoe giene dy lju allegear mei elkoar om? Botste dat net allegear tusken de nije lju en de lju dy't der al tiden wennen en wat wie de ynfloed fan Philips, de grutste wurkjouwer fan doe? Yn 1972 makke Johan van der Zee dęr in reportaazje oer foar Van Gewest tot Gewest, jűn fertelt hy der wat oer yn Gewest Fryslân en we sjogge fansels de bylden dy't hy doe makke en de ynterviews mei boargemaster baron Van Knobelsdorff en de Sweachster sosjolooch drs. Spahr van der Hoek.